Jubileum Partij 2013
Ôfrûne wykein fierden we ús 110 ierich jubileum. In feriening dy’t 110 jier bestiet is wol in bysûnderheid. Derom hiene we besluten om in partij de organisearren dy’t dizze mylpeal eare oan dwaan soe. De jubileum partij! Yn oerlis mei it bestjoer sponsors ensf. hiene we it wykein fan it NK famkes keazen om dit te dwaan. Om meardere redenen kin ik jo wol bekenne. Oare wike is der de tsiende Jong Famme Partij. Sa koene de tinten stean bliuwe en in barbecue wie dan, wat waar it ek wurde soe, trochgean op it fjild. Dat die tinten fertuten diene wie in dei earder al dúdlik. Hoewol it reinwaar wie bij it NK, bleaune de minsken op it fjild. Der hearre se ek, seker as der in finale keatst wurd.
Geplaatst op 24 June 2013